Nij Libben spile yn 2019 ‘Stimp Stamp’

Freed 22 maart, Sneon 23 maart en Snein 24 maart 2019

yn doarpshûs d’ Ald Skoalle yn Bears.

Stimp Stamp is in tragikomeedzje, betiden hilarysk en betiden skrinend. It lit ús achter de skermen sjen fan in bysûndere húshâlding, dêr’t mem Memmy mei izeren hân regearret. Heit Lubbert hat in postsegelsamling. Soan Henk sit yn it leger en is Memmy’s popke, mar dat helpt wer krekt net bij it finen fan in freondinne. Aldste dochter Fardou is de iennichste dy’t oan de kloeren fan Memmy ûntsnapt is, of net…….? De jongste fan de famylje is it neikommerke Femmy. Se hat se net allegearre op in rij, of hâldt se je foar it lapke? Neat is wat it liket.

Stimp Stamp is in tragikomeedzje, betiden hilarysk en betiden skrinend. Je dûke fanôf de earste sin yn in ûnderhâldend famyljespektakel mei in skerp rântsje.

Stimp Stamp waard yn 2019 foar it earst yn it Frysk spile troch Nij Libben en wie dêrmei in premjêre. De pers wie tige te sprekken oer de foarstelling.

Skriuwer: Miep Zielhuis