2012 Katharina Katharina

Nij Libben spilet dit jier Katharina Katharina yn it guozzebrief. It is in spul foar jong en âld en wurdt ek spile troch jong en âld. Dit jier spylje der 12 bern en 4 folwoeksenen mei. It plak is dit kear ek bysûnder. Wy fiere de foarstelling op yn in skuorre. De âld golle en de heasolder foarmje prachtige dekorstikken. Nijsgjirrich? Jim binne fan herte wolkom op de Hegedyk 19 yn Jellum! Klik hjir en hjir foar ús filmkes. 😛

Koarte ynhâld:
‘Ik hyt Katharina Katharina. Ik win noait wat. At ik nei skoalle fyts ha ik yn ‘e wyn. En at ik nei hûs ta fyts ha ik wer yn ‘e wyn. Ik wenje yn in stom rothûs oan in stomme rotdyk. Netien wol freondin mei my wêze want ús heit is fereale op de juf. Ik frege lêsten oan ús heit oft hy in potsje guozzebrievje woe – ganzenborden dus – mar dat woe der net en doe bin ik sa lilk wurden! Ik stampte en stampte ….’

En doe … sakke se troch de flier.

At Katharina Katharina yn de gaten krijt dat se yn in libbend guozzebrief bedarre is, wol se fansels as earste op fakje 63 oankomme. Mar núvere figueren spylje in spultsje mei har. Ek frjemd: de fakjes bringe har troch har eigen libben. Kaam se no mar op in fakje mei in goes. Want guozzen bringe lok …