It Nije Libben fan Romeo en Julia

Op freed 16, sneon 17 en snein 18 maart 2018 spilet Tonielferiening Nij Libben fan Jellum/Bears it stik
‘It Nije Libben fan Romeo en Julia’
yn doarpshûs d’ Ald Skoalle yn Bears.

Romeo en Julia is miskien wol it meast bekende stik fan William Shakespeare. It is skreaun yn de perioade 1591-1596. Toanielferiening Nij Libben fan Jellum/Bears triuwt it ferhaal yn in nij, modern jaske mei as titel: “It Nije Libben fan Romeo en Julia”.

It giet oer de ûnmooglike leafde fan twa pubers út fijannige famyljes. Dit romantysk drama is yn in nij, modern jaske stutsen mei de hjoed deiske saken dêr pubers sich mei dwaande hâlde. Dizze “klassieker” wurdt fet cool delsetten troch in moaie miks fan jonge en âlde spilers.

‘It nije libben fan Romeo en Julia’ is basearre op de bewurking fan it stik ‘Romke & Jeltsje’ fan Saskia van Vliet. Fryske oersetting: Fetsje van der Meer

Oarspronklik stik: Romeo and Juliet fan William Shakespeare.